Skiednis
Toanielselskip Teater Snits bestiet hast 175 jier! De woartels fan it selskip geane nammentlik werom nei 1850. Yn al dy jierren hat Teater Snits tsientallen toanielstikken foar it fuotljocht brocht. En net allinnich toanielstikken, ek trije iepenloftspullen: Goudsjeblom en Poddekrûd (2000), Fanfare (2006) en De Drie Gebroeders (2013). Fierder is Teater Snits de driuwende krêft west efter de suksesfolle Bonte Sneeker Avenden (BSA) mei Heabeltsje de Jong (Yede van Dijk) as strieljend middelpunt. Fan 2003 oant 2022 soarge de BSA foar útferkochte jûnen yn Theater Sneek.
Hoe’t Teater Snits ea begûn is?
Op 12 septimber 1850 wurdt Krite Snits oprjochte. Krite Snits is tegearre mei Ljouwert, Burgum en Frentsjer - dy’t dat jier ek in Krite krije - de earste Krite yn Fryslân. Dy Kriten komme fuort út it provinsjale Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, dat de Fryske taal stimulearje wol. Toaniel is in fantastysk middel om de ‘gewoane minsken’ te berikken en harren bewust te meitsjen fan it bysûndere fan de Fryske taal, sa fynt it selskip. De Kriten dy’t fan 1850 ôf oprjochte wurde, hawwe hjir de driuwende krêft yn west. De earste tsientallen jierren organisearje sy lykwols lêzingen en foardrachtjûnen; Frysk toaniel wie der gewoanwei noch net. De leden fan de Kriten soargen derfoar dat der Frysk toaniel skreaun waard.Yn 1902 hâldt Krite Snits foar it earst in toanieljûn. Dizze toanieljûn groeit út ta in jierlikse tradysje. It binne lykwols gastferienings dy’t de jûnen foar harren rekken nimme. Yn 1911 bringt Krite Snits har earste eigen toanielstik: Nij Libben, skreaun troch lid Lolke A. Dokkum dy’t hjirfoar ek sels de spilers útsiket. Fan dit jier ôf wurdt in eigen stik opfierd. De tagongsprizen? 25 cent foar leden, 50 cent foar froulju fan leden en 75 cent foar net-leden.
Yn 1950 wurdt de hûndertste jierdei fierd mei de foarstelling Hwat de tiidtosk ek fordylget, spesjaal foar dit jubileum skreaun troch Yme C. Schuitmaker. Yn 2000 wurdt it earste iepenloftspul spile, Goudsjeblom en Poddekrûd, dit ta eare fan it 150-jierrich bestean. Yn 2003 fusearret Krite Snits mei it Snitser Frysk Toaniel. De nije feriening kriget de namme Teater Snits.
Bron: Foar it fuotljocht. 150 jier Krite Snits. Jantje E. Bazuin